Youssouf Hersi nei Hearrenfean

11 jun 2004 - 00:00

Fuotballer Youssouf Hersi krijt in kontrakt fan trije jier by SC Hearrenfean. Dat meldt de Telegraaf freed. Hersi is 21 jier en spilet no foar Ajax. Hy is lykwols útliend oan de ploegen NAC en NEC.

Hersi is in oanfallende middenfjilder. Hy komt by SC Hearrenfean nei alle gedachten op de linkerflank te spyljen. Hersi komt oarspronklik út Ethiopië, mar hat de Nederlânske nasjonaliteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)