Youssef wint yn de Grinzer Pein

01 jul 2006 - 17:52

Hurddraver Saher Youssef fan it Hearrenfean is sneon de winner wurden fan de Olde Wierdenloop yn de Grinzer Pein. Youssef lei de ôfstân fan 21,1 kilometer ôf yn 1 oere, alve minuten en 24 tellen. Kosta Poltavets, ek fan it Hearrenfean waard tredde.

Maaike Hornstra fan Jellum wûn by de froulju yn 1 oere, 30 minuten en 51 tellen. Yvonne Kassenberg waard twadde op twa minuten en 58 tellen, Liesbeth Steenbergen fan Snits waard tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)