Youssef tred by Merenloop Grou

14 mrt 2005 - 12:25

Theo_van_den_Abbeel út België hat snein de 35e Merenloop by Grou wûn. Hy rûn de tocht fan tolve kilometer yn 40,56. Twad waard Peter_Visser fan Paasloo yn 41,17. Bêste Fries wie Saher_Yousef fan It_Hearrenfean yn 41,54. Fjird waard Rudi_van_der_Lely fan Jobbegea yn in tiid fan 41,59.

By de froulju wie Mariska_Kramer fan Drachten de winner. Har tiid wie 48,35. Twad waard Maaike_Hornstra fan Jellum yn in tiid fan 49,13.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)