Yousef wint rin Wymbritseradiel

28 mrt 2004 - 00:00

Saher Yousef hat de Ronde fan Wymbritseradiel op syn namme skreaun. De hurdrinner fan It Hearrenfean, dy't him op it stuit tariedt op de Slachtemaraton, hie foar de 30 km ien oere, 43 minuten en 27 sekonden nedich.

Chris van der Neut fan Amstelveen einige 6 minuten en 8 sekonden letter as twadde. Hy wie earste feteraan. Tredde waard Auke Postma fan Damwâld. Hy heart al by de kategory 50-plus. By de froulju wûn Hella Yntema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)