Yousef wint Bonifatiusloop

20 mrt 2005 - 16:51

Saher Yousef fan It Hearrenfean hat sneon de Bonifatiusloop yn Dokkum op syn namme skreaun. Hy rûn de 21,1 kilometer yn in tiid fan 1.12,42. Edward de Ruiter fan Grins waard twad yn 1.13,03 en Gerrit Kramer fan Boalsert tred yn 1.13,59.

By de froulju wie de oerwinning foar Mariska Kramer-Postma. Mei in tiid fan 120,03 wist se it âlde parkoersrekord fan Mirjan Bijlsma út de boeken te rinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)