Yousef wint Berenloop Skylge

05 nov 2006 - 16:16

Saher Yousef fan It Hearrenfean hat snein de tsiende Berenloop op Skylge mei oermacht wûn. Yousef kaam oer de einstreek yn in tiid fan 2.39,05. Fanôf de start rûn Yousef allinnich, want de konkurrinsje koe him net byhâlde.

Yousef wie net tefreden mei syn tiid, mar troch de minne waarsomstannichheden siet der net in nij rekord yn. Tido Tinga fan De Lemmer kaam as twadde oer de einstreek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)