Younes Namli fan SC Hearrenfean noch langer út de rûlaasje

28 okt 2015 - 18:06
  • Younes Namli

Oanfaller Younes Namli is noch langer út de rûlaasje by Sportklup Hearrenfean. Hy moat nije wike operearre wurde oan in spier yn de búk. De Deenske spiler kaam dit seizoen troch blessueres hielendal noch net yn aksje. It duorret no opnij nochris seis wiken foar't er wer better is. 

De revalidaasje fan Doke Schmidt leit neffens Sportklup Hearrenfean wol op skema. Hy is al wol wer begûn mei de rintraining. Joost van Aken hat dizze wike syn test by it belofteteam goed trochstien. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)