Ynwensters Gytsjerk ferwûne

29 jul 2013 - 10:54
  • oldtimer, ungelok, Gytsjerk

Twa 47-jierrige ynwensters út Gytsjerk binne sneintejûn ferwûne rekke by in ûngelok oan de Kanterlânskewei by Gytsjerk. De froulju rieden yn in oldtimer-Citroën Dyane doe't se by it Alvestêdetegeltsjebrêge yn botsing kamen mei in bestelauto. De oldtimer sloech oer de kop. Beide ynsittenden moasten troch de plysje út de auto weihelle wurde. Se binne nei it sikehûs brocht. De 33-jierrige bestjoerder fan de bestelwein kaam mei de skrik frij.

It is noch net bekend hoe't it ûngelok barre koe. Hoe't it mei de froulju giet, is ek noch ûnbekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)