Ynwennertal Ljouwert groeit

16 des 2008 - 17:48

It tal ynwenners fan Ljouwert is yn 2008 bot groeid. Foar it tredde jier achterelkoar leit de groei dik boppe de 500 minsken. Neffens de gemeente wurdt de groei feroarsake trochdat der in soad boud wurdt. Dit jier binne der 600 huzen bykaam.

De lêste jierren komme der foaral in soad gesinnen en senioaren nei de stêd. De gemeente ferwachtet foar 2009 opnij in groei, mar dy sil wol minder wêze as dit jier. Dat komt trochdat der minder boud wurd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)