Ynwennertal Harns wer omleech

26 des 2006 - 10:41

De gemeente Harns rint stadichoan leech. Foar it twadde jier op rige is it ynwennertal mei in pear hûndert ôfnommen. De sluting fan it AZC Harns is net de iennige ferklearring foar de delgong. De delgong komt ek om't der net in soad wurk is yn de havenstêd.

It tal ynwenners fan de gemeente Harns is it ofrûne jier mei sawat 200 omleech gien. De gemeente telt no 15.500 boargers. Yn oare gemeentes giet it tal ynwenners omheech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)