Ynwenners wike foar bommen

26 apr 2010 - 17:01
  • It plak dêr't de bommen lizze

Net ien fan de 154 ynwenners fan Bitgummole, Ingelum of Marsum leit woansdei dwers by de ûntromming fan in part fan de fleanbasis. Dat tinkt boargemaster Van Delft fan Menameradiel.

Woansdei wurde fjouwer Ingelske bommen út de Twadde Wrâldoarloch ûnskealik makke. Deis tusken 10 en 5 oere meie de direkte omwenners net yn har hús komme. De plysje slút it gebiet hielendal ôf. Dat is mei de ynwenners bepraat en net ien fynt da in probleem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)