Ynwenners Terherne fiere aksje

26 okt 2010 - 20:12
  • (foto: Omrop Fryslân)

Ynwenners fan Terherne sille sneon nei it gemeentehûs fan Skarsterlân ta om har ynskriuwe te litten as ynwenners fan dy gemeente. It giet om in ludike protestaksje.

Terherne leit no noch yn de gemeente Boarnsterhim. Der leit in plan om nei in weryndieling it doarp by de gemeente Hearrenfean hearre te litten. Mar guon ynwenners binne dêr tsjin. Se fine dat it wettersportdoarp better ûnderdiel fan de gemeente gemeente Skarsterlân wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)