Ynwenners Techum yn kjeld

21 des 2010 - 21:26

Ynwenners fan de Ljouwerter nijbouwyk Techum sieten tiisdeitejûn yn de kjeld. De ferwaarming die it net mear en ek wie der gjin waarm wetter.

Dat kaam troch in probleem mei de sintrale dy't de huzen yn de wyk waarm stoke moat. De steuring is tiisdei yn de neimiddei ûntstien. It is net foar it earst dat de ferwaarming útfalt yn de nijbouwyk. Enerzybedriuw Essent hie om middernacht hinne de steuring ferholpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)