Ynwenners reagearje amper op profylskets boargemaster DFM

07 maaie 2015 - 16:37
  • Boargemaster Aalberts mei it amtsketting fan Skarsterlân

De ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren meitsje har net drok oer de profylskets fan de nije boargemaster. Boargemaster Arie Aalbers hâldt der mei op. Fan de 51.000 ynwenners hawwe der 24 in reaksje op it gemeentehús ynlevere. Op 20 maaie sil de tariedingskommisje de reaksjes beprate.

Ien fan de winsken út de gemeente wie: " ...iemand die er plezier in heeft op verschillende borden tegelijk te schaken." Ein septimber of begjin oktober wol de gemeente de nije boargemaster presintearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)