Ynwenners prate mei oer wenynrjochting âlde kearn Grou

17 nov 2015 - 14:27
  • De Volmawei yn Grou

Ynwenners fan Grou bûge har woansdeitejûn oer de werynrjochting fan de âlde kearn fan Grou. It giet om de Volmawei, de Hellinghaven en de Minne Finne. Der wiene al plannen makke foar dat stik fan Grou doe't dat noch ûnder de gemeente Boarnsterhim foel.

By de oerdracht fan it dossier nei de gemeente Ljouwert waard dúdlik dat der in soad wjerstân is tsjin de oarspronklike plannen. Dy binne no wat oanpast, mar se binne noch net yn kalk en semint, seit de gemeente Ljouwert.

Mei de ynformaasjejûn wol de gemeente sjen oft de bouplannen no wol rekkenje kinne op draachflak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)