Ynwenners Jorwert meitsje harren soargen oer komst kleaster

12 feb 2016 - 18:04

Guon ynwenners fan Jorwert hawwe soargen oer it kleaster dat der komme sil. Dat seit Douwe de Bildt fan Doarpsnut, it doarpsbelang fan Jorwert. Dûmny Hinne Wagenaar wol mei de Stichting Nijkleaster fan de pleats tsjinoer de kroech yn it doarp in kleaster meitsje. Soargen fan ynwenners binne dat de kroech aanst minder lûd meitsje mei en dat der in soad leauwende minsken fan bûten Jorwert komme dy't de doarpskultuer feroarje sille.

Yn harren wearde litte

Wagenaar tinkt lykwols dat dizze soargen net nedich binne. 'Dy soargen hielendal fuort nimme is dreech, mar wy wolle elkenien yn harren wearde litte. We soargje der ek foar dat der maksimaal groepen fan 25 minsken yn it kleaster komme, sadat it oantal minsken beheind bliuwt. No bin der ek al aktiviteiten dy't we yn it kleaster ek dwaan sille: it iennige ferskil is dat minsken hjir aanst ek oernachtsje kinne.' 

Keukentafelpetearen

De Bildt is op it stuit dwaande mei saneamde keukentafelpetearen mei Jorwerters om de mieningen en fragen oer it kleaster te ynventarisearjen. Der komme yn totaal fiif fan dizze petearen. Neist minsken mei soargen, binne der ek minsken hiel posityf oer de komst fan it kleaster en de mooglikheden om dêr ta rêst te kommen. Wagenaar hopet dat it kleaster yn 2018 of 2019 realisearre is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)