Ynwenners Jirnsum nimme huzen oer fan wenningkorporaasje

02 feb 2015 - 19:49

De rêding fan 25 wenten oan Dekemahiem yn Jirnsum is sa goed as slagge. Doarpsbewenners hawwe moandeitemiddei in feriening oprjochte dy't de wenten yn de takomst eksploitearje moat. Wenningboukorporaasje Elkien wie fan doel de huzen te slopen.

Doarpsbewenners kamen yn opstân en se hawwe plannen makke foar it behâld. De feriening wol de wenten oernimme fan Elkien en sil se ferhiere. De jild fan de winst dy't makke wurdt, sil stutsen wurde yn it ferieningslibben fan Jirnsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)