Ynwenner Ychtenbrêge ferstoarn by ûngelok Zwolle

25 aug 2015 - 18:36
  • plysje

In 67-jierige automobilist út Ychtenbrêge is tiisdeitemoarn op de A28 om it libben kaam. De man wie net goed wurden, wêrnei't hy ter hichte fan restaurant De Lichtmis tusken Zwolle en Staphorst mei syn auto tsjin de fangrail botste. Hy ferstoar dêr oan syn ferwûnings.

De dyk hat in skoft ticht west foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)