Ynwenner fan Koatstertille fynt dief op syn hiem

09 jan 2015 - 12:19

In bewenner fan De Koaten yn Koatstertille hat tongersdeitemoarn in dief oantroffen tusken de struken op syn hiem. Doe't de fertochte de man seach, hat er syn bút - in tas mei ark - achterlitten en is er útnaaid.

De plysje hie in goed sinjalemint fan de fertochte en koe de man letter yn Twizel oppakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)