Ynwenner fan Grins mishannelet fjouwer minsken yn Ljouwert

21 aug 2015 - 10:25

In 49-jierrige man út Grins is tongersdei yn Ljouwert oppakt foar mishanneling fan ferskate minsken. Yn in wenning oan de Archipelwei hie er in frou fan 53 jier oan it hier lutsen en de trep ôftreaun. Dêrnei sloech er in 66-jierrige man út de gemeente Menameradiel dy't ek yn 'e hûs wie. De fertochte gie doe de wenning derneist yn. Dêr sloech er in man fan 66 út Ljouwert tsjin de holle.

De fertochte sei dat er prate woe mei in 59-jierrige Ljouwerter, dy't der ek by wie. Beide manlju gienen nei bûten. Dêrop krige ek dizze Ljouwerter klappen.

De plysje koe him efkes letter oanhâlde. Hy sit fêst op it buro. Alle belutsenen kenne elkoar. It is noch net dúdlik wat de oanlieding west hat foar de mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)