Ynwenner fan De Harkema slacht eigen hûs yn pún

03 apr 2016 - 10:28

In 48-jierrige ynwenner fan De Harkema sloech sneontejûn syn eigen hûs yn pún. Hy wie ûnder ynfloed fan alkohol. De man naaide nei de fernielings út. Ferskate plysjeminsken hâlden in syktocht nei him yn it doarp. Nei in skoft kaam er werom nei syn hûs. Dêr foel er in plysjefrou oan.

Mei help fan pepperspray krige de plysje de man ûnder kontrôle. Hy sit noch fêst op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)