'Ynvestearringsplan te faach'

08 mrt 2013 - 10:17
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

It ekonomysk ynvestearringsplan fan deputearre steaten dat fan 'e wike presentearre is, is lang net dúdlik genôch. Dat fynt de PVV-fraksje yn provinsjale steaten.

Deputearre steaten wolle 300 miljoen euro yn de Fryske ekonomy stekke. Neffens de PVV is folslein ûndúdlik wêr't dat jild dan hinne giet. Dêr binne amper konkrete plannen foar. De PVV fynt it in miste kâns, ek omdat yn de plannen neffens de fraksje neat te finen wie oer in takomstfyzje foar Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)