Ynvestearrings wynmûnen

24 jan 2009 - 14:01
  • Ynvestearrings yn wynmûnen en biogas nei foarren helle
  • Boargemaster Crone fan Ljouwert

Minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken hellet de ynvestearrings foar biogas en wynmûneparken nei foarren. Dat hat se sneon bekend makke. It kabinet besjocht op dit stuit hokken ynvestearrings nei foarren helle wurde kinne, om sa de ekonomy wer oan 'e gong te krijen.

Boargemaster Crone fan Ljouwert hie der op wiisd dat de ynvestearrings foar biogas en wynmûnen al 4 jier yn de begrutting stean. De minister hat hjir dus posityf op reagearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)