Ynvestearring yn de Rottige Meente fanwege bysûndere flinter

14 jan 2016 - 17:32
  • Froulike fjoerflinter

Steatsboskbehear is dizze wike begûn mei it werstellen fan natuergebiet de Rottige Meente. Sy gean mei dizze wurksumheden it ferdrûgjen en fersuorjen fan it feangebiet tsjin.

Europa stipet dit projekt, ûnder oaren om't de Rottige Meente ien fan de lêste gebieten op 'e wrâld is dêr't de fjoerflinter foarkomt. Wol de fjoerflinter oerlibje, dan moatte inkelde plakken yn it gebiet minder drûch en soer makke wurde. De wurksumheden duorje oant healwei maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)