Ynvestearring by De Groot, Grou

06 nov 2003 - 00:00

Jachtwerf De Groot yn Grou hat foar 1 miljoen euro ynvestearre yn de fernijing fan de werf. It bedriuw kin dat dwaan omdat der wis wurk is oant ein 2004. Dat liket frjemd, omdat grutte werven lykas Bijlsma en Tille Shipyards yn swierrichheden sitte of sels fallyt gean.

De Groot is bouwer fan de Pikmarkruser. Troch de doelgroep fan de krusers, de rikere 50-plussers, hat de werf folle minder lêst fan de ekonomyske delgong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)