'Ynvestearje yn wurkleazen'

05 sep 2008 - 15:30

De gemeente Ljouwert lûkt de kommende twa jier 14 miljoen út foar in bettere wurkgelegenheid. Fan it jild moatte sa'n tûzen minsken oan wurk holpen wurde. It giet om minsken mei in útkearing. De gemeente wol harren ûnderbringe by bedriuwen.

Dy moatte har eigen personiel opliede sadat se trochstreame nei hegere banen. De frijkommen banen kinne oernaam wurde troch wurkleazen. Fierder wol Ljouwert ekstra omtinken foar allochtoanen en 45-plussers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)