'Ynvestearje yn nije kotters'

29 okt 2013 - 20:20
  • De komme hieltiid faker Urker kotters nei de haven fan Lauwerseach

De Fryske skipswerven moatte ynvestearje yn de bou fan moderne, duorsume en sunige kotters. Dy kotters moatte dan brûkt wurde kinne op sawol de Waad-as de Noardsee. As dat net bart, sille de kennis en de opdrachten út Fryslân ferdwine, want de konkurrinsje is grut.

Dit stiet yn it rapport 'Gegist bestek' dat oanbean is oan deputearre Johannes Kramer. It giet om in inisjatyf fan skipsbouwer Jelle Talsma, de provinsjale fraksje fan de PVV en in oantal fiskers dy ynvestearje wolle yn moderne skippen. Se hoopje op stipe fan de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)