'Ynvestearje yn Fablabs'

28 maaie 2013 - 09:59
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

De provinsje moat ynvestearje yn laboratoaria dêr't saken ûntwikkele wurde mei help fan 3D-printers. Dat wol de fraksje fan Friese Koers yn provinsjale steaten. Neffens Friese Koers is Fryslân de iennichste provinsje dêr't noch net sokke Fablabs binne, wylst dat krekt de takomst is foar nije wurkgelegenheid en ekonomy.

Mei 3D-printers kinne je allegear saken sels meitsje, lykas in kaai, in badkeamer of in keunstearm. Friese Koers wol dat de de HBO-ynstellingen yn Ljouwert allegear in eigen Fablab krije.

Yn Snits moat in toeristysk Fablab komme en yn Drachten ien op it mêd fan soarch. De provinsje moat dêr oan meibetelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)