Ynvestearje yn bedriuwsskoalle

09 maaie 2014 - 20:56
  • FNP

De provinsje moat bedriuwsskoallen yn Fryslân ek de kommende jierren finansjeel stypjen bliuwe. Dat fynt de FNP. De finansjele knyppunten dy't der foar 2015 lizze, moatte sa gau as mooglik oplost wurde. Dat soe bygelyks kinne mei jild út 'Wurkje foar Fryslân' wêrmei't de provinsje de kommende jierren 300 miljoen euro ynvestearje wol yn de Fryske ekonomy en minsklik kapitaal.

Neffens de FNP binne bedriuwsskoallen lykas by Feadship yn Makkum en Philips yn Drachten ûnmisber yn de oansluting tusken ûnderwiis en it bedriuwslibben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)