Ynvestearje nedich foar Amelân

03 jan 2013 - 17:21
  • Gemeente It Amelân

Undernimmers op It Amelân moatte doare te ynvestearjen en te fernijen om it eilân oantreklik te hâlden. Dy oprop die boargemaster Albert de Hoop fan it eilân tongersdei yn syn nijjierstaspraak. Inisjativen moatte neffens De Hoop oanmoedige wurde troch de gemeente en wêr mooglik stipe wurde. In moai nij inisjatyf fynt de boargemaster it saneamde 'Amelander Produkt' dat op de nijjiersresepsje presintearre waard. It giet dan bygelyks om tsiis, fisk en grienten fan it eilân sels.

Toeristen fine it neffens him moai om wat mei te nimmen fan it fakânsjeadres of in produkt fan it eilân yn in restaurant te iten. Boppedat is it ek noch goed foar it miljeu. Der hoege dan minder produkten ferfierd te wurden nei it eilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)