Ynventarisaasje fan natuersoarten yn Bûtenfjild

15 aug 2015 - 12:26
  • Fjildbiologen oan it tellen

Leden fan de Fryske Feriening foar Fjildbiology binne sneon begûn mei it ynventarisearjen fan alles wat groeit, fleant, swimt en krûpt yn it Bûtenfjild by ûnder oare Broeksterwâld. Dat dogge se by terreinen fan Steatsboskbehear, It Fryske Gea en yn partikulier behearde natuer.

De ynformaasje kin dúdlik meitsje wêrom't it goed of net goed giet mei soarten. It giet min mei de sulveren moanneflinter dy't yn feangreidegebieten thúsheart. Ien fan de doelen is om te sjen hoe't dat komt en hoe't je dêr wat oan dwaan kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)