Ynventaris Vreewyk ûnder hammer

24 okt 2004 - 12:25

Sealesintrum Vreewyk yn Drachten is sneon begûn mei it feiljen fan syn ynventaris. Dat bart om't it sintrum sloopt wurdt. Eigner Minne Dolstra hat de saak ferkocht oan in projekt- ûntwikkeler dy't op dat plak no nije wenten delsette sil.

Vreewyk is foar in soad ynwenners fan Drachten in begryp. Guon ha dêr de earste dûnsles hân of binne dêr troud. Minsken hiene no fia de feiling de kâns om guon herinnerings op te keapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)