Ynvalide fernielt winkel

21 des 2013 - 11:46

In betize man yn in ynvalidekarke hat freedtejûn in diel fan de ynventaris fan in winkel yn Drachten fernield. De 29-jierrige man raamde ferskate stellaazjes. Bûten ried er ek in kear as wat tsjin de gevel fan de winkel oan de Suderbuert oan. De plysje hat de man oppakt.

It is net foar it earst dat de man yn betize tastân problemen yn it sintrum fan Drachten feroarsaket. De man hat dêrom in winkelferbod krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)