Yntsjekpeallen Arriva stikken

13 nov 2012 - 10:01
  • Yntsjekke ov-chipkaart

Tiisdeitemoarn is fan kertier foar sânen ôf in steuring yn it yntsjeksysteem fan Arriva. Dat betsjut dat it yn Fryslân en Grins by guon yntsjekpeallen net mooglik is om yn of út te tsjekken. Ek is it net mooglik om treinkaartsjes te beteljen mei de pin. Arriva is soepel mei de kontrôle. Reizgers kinne har jild wer werom krije fia de website fan Arriva. Oer de oarsaak fan de steuring is noch neat bekend. Arriva is dwaande om de steuring te ferhelpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)