Yntroduksje Stenden begûn

29 aug 2011 - 20:26
  • De studinten harkje nei de taspraak fan boargemaster Crone

Mei bier en muzyk is yn Ljouwert de yntroduksje fan nije studinten fan de Stenden Hegeskoalle útein set. De yntroduksje waard iepene troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Hy hjitte alle studinten en dan benammen dy út it bûtenlân, wolkom yn de stêd.

Stenden hat in soad studinten út oare lannen. Dy komme benammen ôf op de opliedings hotelmanagemint en toerisme. De yntroduksje duorret noch de hiele wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)