Yntocht Sinteklaas op tv

16 sep 2004 - 11:31

De oankomst fan Sinteklaas yn Fryslân dit jier is streekrjocht by Omrop Fryslân televyzje te sjen. Op 13 novimber is moarns de lanlike yntocht fan de Goed Hillichman yn Alkmaar. Middeis om twa oere is syn yntocht yn Snits by de Omrop te sjen.

It is foar it earst dat Omrop Fryslân der live by is. Bern út de hiele provinsje kinne mei eigen eagen sjen oft de pakjeman út Spanje ek dit jier syn Swarte Piten wer meinaam hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)