Ynternetstudio yn serviceflat

28 apr 2004 - 00:00

Bewenners fan Serviceflat Oranjewâld op It Hearrenfean kinne ynternette. It flat hat in spesjale ynternetstudio krigen. Leden fan de kompjûterklub leare leken hoe't se e-maile en ynternette kinne. De studio makket diel út fan de fernijde passaazje mei winkels, in kapper en in biblioteek.

Ek is in romte foar deibehanneling iepene. De bewenners dy't wat minder wurde, kinne yn eigen hûs opfongen en hoege net mear de doar út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)