Ynternetside Farsk yn 'e loft

21 feb 2003 - 00:00

In nij Frysk literêr tydskrift is freed op ynternet yn 'e loft gien. Farsk.nl wol publikaasjemooglikheden foar Fryske skriuwers en dichters biede. Oan Farsk wurkje likernôch deselde skriuwers as oan Kistwurk mei, it literêr tydskrift dat twa moanne lyn ophâld te bestean. Eeltsje Hettinga fan Kistwurk docht lykwols net mei.

It is it doel om Farsk om de fjirtjin dagen te ferfarskjen. Dat moat letter ien kear wyks wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)