Ynternetpriis foar sikehûs

24 okt 2003 - 00:00

Sikehûs Nij Smellinghe hat in priis wûn foar it tapassen fan ynternet. De Telemedicine Stimuleringsprijs is takend foar hoe't se yn Drachten hûdôfwikings behannelje. Hûsdokters kinne digitaal foto's opstjoere. Spesjalisten jouwe dan advys, sadat de pasjint flot behannele wurde kin.

De priis is ynsteld troch it Platform voor de informatiesamenleving en wurdt alle jierren útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)