Ynternetpartij Ernst: remise

06 jun 2003 - 00:00

De ynternetskaakpartij fan Fryslân's bêste skaker Sipke Ernst tsjin it publyk is freed nei 31 setten útrûn op remise. Ernst naam freed yn radioprogramma Omnium it remise-oanbod fan it publyk oan sûnder der lang oer nei te tinken. Ernst is neffens eigen sizzen 'posityf ferrast' oer it nivo fan 'e setten fan it publyk.

De ynternetpartij 'Skake mei Sipke' wie in inisjatyf fan it Skaakbûn yn gearwurking mei Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)