Ynternetferkeap Batavus-fytsen

12 nov 2004 - 16:45

Ynternetfytsewinkel Bikemotion.nl stapt opnij nei de rjochter om by fytsefabrikant Batavus ôf te twingen dat der fytsen fan dat merk ferkocht wurde meie. De saak tsjinnet by de rjochtbank yn Ljouwert.

It koart pleit is al de tredde saak yn trije jier tiid oer dit ûnderwerp. Bikemotion.nl mei net rjochtstreeks by Batavus ynkeapje. Dêrom rint it no fia de spesjaalsaken. Batavus wol dat mei yngong fan 1 jannewaris ferbiede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)