Ynternetapoteek net gefaarlik

06 apr 2007 - 15:27
  • neffens De Friesland is de ynternetapoteek net gefaarlik

It bestellen fan medisinen fia de ynternetapoteek fan De Friesland is net gefaarliker as it heljen fan medisinen by de apoteek. Dat seit de soarchfersekerder as reaksje op krityk fan de húsartseferiening.

Neffens De Friesland is der sicht op watfoar medisinen minsken byelkoar brûke, om't de bestelling by de húsarts kontrolearre wurdt. De medisinen wurde oantekene ferstjoerd en wurde inkeld oan folwoeksenen jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)