Ynternet yn trein net feilich

05 mrt 2009 - 10:17
  • Ynternet yn de trein net feilich

It fergese ynternet yn de trein tusken Ljouwert en Grins is net feilich. Dat docht bliken út ûndersyk fan NOS Headlines. Dy kaam derachter dat it hiel ienfâldich wie om de gegevens fan oare gebrûkers yn de trein te besjen.

Troch de minne befeiliging kinne brûkers fan it ynternet emails fan oaren meilêze en yn guon gefallen sels wachtwurden achterhelje. De proef mei it fergese ynternet rint no trije wiken. KPN hat de proef mei opsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)