Ynternet yn de bus

25 maaie 2011 - 10:24
  • Ynternette yn de bus

Ferfiersmaatskippij Connexxion sil as proef 13 bussen mei in triedleaze ynternetoansluting yn de provinsje ynsette. Dat hat deputearre Kramer woansdei bekend makke. Fryske jongeren hawwe yn de kampanje "Mijn Ideale Bus" oanjûn ferlet te hawwen fan in ynternetferbining yn de bus. De jeugd wol ek dat de bus faker rydt en dat se reisynformaasje betider krije.

De provinsje besiket de winsken fan de jongeren op te nimmen as der nije ôfspraken mei ferfierders makke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)