Ynternet foar sike bern

02 sep 2008 - 07:09

Op de berne-ôfdieling fan it Antoniussikehûs yn Snits kinne bern op it bêd ynternette. It systeem kostet 15.000 euro en dat wurdt betelle troch de Stichting Michael Wings. Mei it ynternet kinne sike bern kontakt hâlde mei freonen en mei skoalle.

It Snitser sikehûs krijt tsien laptops en tsien spesjale toetseboerden. Ek it sikehûs op It_Hearrenfean hat in oanfraach foar dit systeem yntsjinne by de stifting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)