Ynternet fia de satellyt

13 mrt 2013 - 14:14
  • Satellyt dêr't ynternet mei opfongen wurde kin
  • 'Fryslân breedbânlân'

De FNP wol mei in proef úteinsette om te sjen oft ynternet oer de satellyt in gaadlike oplossing is yn it bûtengebiet. Op plakken dêr't no bygelyks gjin glêsfezelferbining leit, is ynternet faak traach.

Steatelid Sybren Posthumus wol graach by tweintich adressen yn Fryslân sjen hoe't ynternet oer de satellyt no krekt wurket. Nije wike woansdei sil de FNP dêr in moasje oer yntsjinje. Mocht de proef trochgean en goed útpakke, dan soe it idee neffens Posthumus yn hiel Fryslân tapast wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)