Ynternasjonale Waadbiblioteek moat kennis oer Waad bondelje

14 okt 2015 - 23:02
  • Tresoar

De Waddenacademie en Tresoar begjinne in ynternasjonale Waadbiblioteek. Dit moat in digitaal platfoarm wurde mei kennis oer it Nederlânske, Dútske en Deenske Waadgebiet. Tresoar sammelet as rjochtsopfolger fan de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân sûnt 1852 al alles wat skreaun is oer de Fryske gebieten, dy't in grut part fan de ynternasjonale Waadkust bestrike.

Beide ynstânsjes wolle mei it platfoarm in ferbinend netwurk útrôlje om kennis te dielen. Dat moat úteinlik liede ta in 'Wadden Sea of Wetlands Discovery Group'.

As foarbyld tsjinnet de Art Discovery Group dy't mei WorldCat de grutste publyk tagonklike katalogus beheart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)