Ynternasjonale skriuwdei fan Amnesty International

10 des 2014 - 07:39
  • De aksje 'Write for rights' is yn folle gong....

Woansdei 10 desimber is de ynternasjonale dei fan de minskerjochten. Dêrom organisearret Amnesty International yn mear as 80 lannen de skriuwmaraton 'Write for Rights'. It giet dan om brieven foar minsken dy't ûnrjocht oandien is, yn de finzenis sitte, martele binne of bedrige wurde. Yn Fryslân binne der ek tal fan inisjativen om gehoar te jaan oan de dei fan de minskerjochten, ynklusyf 24 oers maratons. In oantal boargemasters romje woansdei tiid yn om brieven te skriuwen.

By in tredde part fan de minsken dêr't Amnesty foar yn aksje komt ferbetteret de situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)