Ynternasjonale priis foar Yta

04 maaie 2011 - 16:36

In grutte sponsorloop yn Wolvegea moat der foar soargje dat Yta Strikwerda takom jier nei Kaapstad ta kin. Yta hat it Downsyndroom en waard bekend troch in tv-optreden by Paul de Leeuw. Se hat dêr úteinlik in ynternasjonale priis foar wûn. De útrikking is lykwols yn Súd-Afrika en de reis dêrhinne moat se sels betelje.

Yta moat ek in sprekbeurt hâlde op it kongres yn Kaapstad. Troch har positive hâlding is se in foarbyld foar minsken mei it syndroom fan Down.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)