Ynternasjonale priis foar bôlesjips fan Van der Meulen

30 okt 2015 - 12:16

Van der Meulen yn Hallum hat in ynnovaasjepriis foar harren bôlesjips wûn. Yn totaal dienen 120 bedriuwen mei foar acht prizen. Van der Meulens 'say yes to no'-sjips is in sûn alternatyf foar gewoane sjips. Hjir sitte bygelyks gjin kleur- of smaakstoffen yn. Ek it stofke MSG, wêrfan net wis is oft it wol sûn is, is net taheakke oan dizze sjips.

It produkt is sûnt in oantal wiken yn ferskate winkels te krijen. De produksje is ôfrûne simmer start. Trije jier lyn ûntstie it idee foar de bôlesjips.

De Wabel beurs is in moetingsplak foar 70 supermerken en 120 fabrikanten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)